Dales bestjoert scootmobyl

13 jul 2006 - 10:22

Boargemaster Dales fan Ljouwert hat sels ûnderfûn hoe't it is om yn in scootmobyl te sitten. Louis Lousberg fan Ljouwert, dy't al jierren in scootmobyl brûkt, hat faak te krijen mei te hege stoepen en gjin of te smelle op- en ôfritten. Hy hie der sa syn nocht fan dat er Dales derby helle.

Dales komt ta de konklúzje dat it allegear wol wat tafalt mei de obstakels. Dochs moatte der wat lytse saken feroare wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)