Dakynbrekker oanholden

27 sep 2009 - 14:31

Op De Jouwer is sneontenacht in saneamde 'dakynbrekker' oanhâlden. De dief besocht fia it dak binnen te kommen by de Poiesz-supermerk oan de Keningin Julianaleane. It alaarm gie dêrby ôf en de plysje wie gau te plak.

De dieder waard net mear oantroffen. In ynwenner fan De Jouwer hie lykwols in fertocht persoan sjoen en de plysje warskôge. Dy koe de man op de Prins Bernhardleane oanhâlde. De dief wie mei de auto: dy is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)