Daktún yn stedskantoar

24 jun 2009 - 16:56

Yn de hal fan it stêdskantoar fan Ljouwert stiet fan tongersdei ôf in daktún. De tún is in foarbyld foar de griene dakken dy't de gemeente stimulearje wol. In daktún is neffens de gemeente goed foar it miljeu. It wurket isolearjend en it hat in bufferjend effekt by swiere buien. Sa wurdt it rioel minder beleste. Ljouwert jout 25 euro de kante meter subsydzje foar in grien dak. As de dakkonstruksje oanpast wurde moat kin de gemeente ek finansjeel byspringe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)