Dakspanten pleatst op seaddehûs

18 nov 2014 - 15:58

Op it seaddehûs yn Furdgum binne tiisdei de dakspanten pleatst. Op de spanten moatte letter de dakseadden lein wurde. It hûs, in replika fan huzen dy't hjir yn de betide midsieuwen stien ha, stoarte ferline jier yn nei swiere reinfal.

It nije seaddehûs krijt in wat steviger konstruksje. Boppedat komt der mei it each op de feiligens in apart diel foar it publyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)