Dakrolbedriuw Drylts oernaam

09 nov 2007 - 12:14

Dakbedekkingsfabrikant Troelstra & De Vries yn Drylts wurdt mei direkte yngong ûnderdiel fan de Frânske multinasjonal Soprema. It 75 jier âlde famyljebedriuw sil ûnder de eigen namme aktyf bliuwe yn Drylts.

De oername hat gjin gefolgen foar de fjirtich minsken dy't by it bedriuw wurkje. De oername moat de posysje op de merk fersterkje. Dêrby soe de oername meikoarten mear wurk opsmite kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)