Dakleazeopfang Zienn stelt winterregeling yn

23 jan 2015 - 22:02
  • Dakleazeopfang Zienn Ljouwert

By dakleazeopfang Zienn yn Ljouwert is sûnt freedtejûn de winterregeling fan tapassing. It is kâld bûten en dat betsjut dat der ekstra plakken foar dakleazen reservearre wurde. De regeling is fan krêft wannear't de gefoelstemperatuer in oantal graden ûnder nul is. Der wurdt elke dei sjoen oft de regeling noch needsaaklik is.

De opfang fan Zienn sit sûnt desimber foarrich jier op 'e nije lokaasje oan de Oostergowei. De ôfrune nachten hawwe der sa'n 35 minsken gebrûk fan de opfang makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)