Dakleazens bedriget skippers

11 okt 2013 - 14:26
  • Skipsbewenner Meent Land
  • It wenskip fan Land en syn klipper
  • It terrein oan de Harnzertrekwei yn Ljouwert dêr't boud wurde sil

Eigeners fan guon wenskippen yn Ljouwert driigje dakleas te wurden. Se tinke dat de gemeente Ljouwert harren skippen oan de Harnzertrekwei fuort hawwe wol, want de gemeente hat plannen foar wenhuzen en apparteminten op de eardere LPF- en Bradaterreinen. Fertutearze skippen soene it útsicht fan de wenten bedjerre, sizze de skipsbewenners.

Der is tsien kear yn in heal jier tiid kontrolearre oft de skippen bewenne wurde. Dêrnei binne sân lisplakfergunnings ynlutsen. Mar de dupearre skippers binne foar harren wurk lykwols faak fan hûs.

Ien fan de dupearre skipsbewenners is Meent Land. Hy leit mei syn skip al 25 jier yn Ljouwert. Hy hat twa skippen. Mei syn klipper is er faak te farren mei groepen en syn wenskip leit der dan ferlitten by. No hat er gjin fergunning mear. Land hat beswier makke tsjin it ynlûken fan syn lisplakfergunning oan de Harnzertrekwei en hy hat ek in advokaat ynskeakele.

De gemeente hat fan mei-inoar fiif skipsbewenners oan de Harnzertrekwei en de Snitsertrekwei, en fan twa oan de de Emmakade en de Easterkade de lisplakfergunning ynlutsen. Sy moatte harren skippen fuorthelje.

De gemeente seit yn in reaksje dat de strangere kontrôles neat te krijen hawwe mei de bouplannen. De gemeente seit neat dwaan te kinnen foar de dupearre skipsbewenners. De beswieren dy't se yntsjinne hawwe sil beoardiele wurde troch in advyskommisje. Trije skipsbewenners hawwe beswier oantekene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)