Dakleazen yn caravans

13 aug 2009 - 14:20

Ljouwert wol as proef fjouwer dakleazen yn caravans húsfeste. De gemeente wol sa de oerlêst dy't de dak- en thúsleazen feroarsaakje, oanpakke. De saneamde bûtensliepers wurde no faak fan it iene plak nei it oare ferjage. Dêrtroch kin de helpferliening har net berikke.

De proef duorret foarearst in jier. Oan de proef binne strange regels ferbûn. De dielnimmers meie gjin oerlêst feroarsaakje, oars wurde se fuortendaliks út de caravan set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)