Dakleazen krije eigen húsdokter

03 nov 2004 - 15:55

Dakleazen yn Ljouwert krije in eigen húsdokter. Dokter Maarten Goedhart komt twa kear yn de wike del by de deiopfang op de Tunen. Oant no ta wie de soarch foar de 100 dak- en thúsleazen min regele. Wethâlder Hafkamp fan Ljouwert hat de soarch dochs regelje kinnen.

It sprekoere begjint dizze moanne al yn it gebou fan it Leger des Heils. De húsdokter docht it wurk mei in praktykferpleechkundige. It sikefûns betellet de kosten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)