Dakleazen krije eigen dokter

28 jan 2005 - 09:58

Dak- en thúsleazen yn Ljouwert kinne sûnt koart nei in eigen hûsdokter. Dy komt twa kear yn de wike del by de opfang oan de Tunen yn de stêd. Swalkers kinne by him terjochte foar medyske fragen en advizen.

De dakleazen ha ferlet fan in eigen húsdokter. Allinne it ôfrûne jier al ferstoaren mear as tsien swalkers op strjitte. De gemeente Ljouwert hat de húsarts frege oft er sprekoere hâlde woe by de opfang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)