Dakkapel fan pleats ôfwaaid

08 jun 2003 - 00:00

In wynhoas hat snein yn Twizel in dakkapel fan in pleats ôfblaasd. Tsientallen omwaaide beammen rjochten yn it doarp in soad skea oan. By de tongerbuien en de hurde wynpûsters rekken lykwols gjin minsken ferwûne. Yn Harns waaide de tinte fan it Beachfestival stikken. Dy stie by de Stiennen Man yn it bûtendyks gebiet. De organisaasje liet doe gau in trailer komme dêr't de muzikanten op stean koene om te spyljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)