Dakarriders werom yn Fryslân

05 jan 2008 - 16:56
  • de rallyriders binne werom yn Fryslân

De Dakarriders Henk Booij en Marcel Schoo fan Wolvegea binne sneon weromkaam. Nei't fjouwer Frânske toeristen fermoarde binne, is de race ôfsein.

De dielnimmers binne teloarsteld. Der giet in protte jild yn de Dakarrace om, benammen betelle troch sponsoring. It is dus net allinnich sportyf in klap, mar ek finansjeel. Se begripe it beslút wol, want it wie ûnferantwurde om de race trochgean te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)