Dak- en thúsleazen krije help

02 mrt 2006 - 16:57

Acht dak- en thúsleazen krije de kommende tiid help om wer wat fan har libben te meitsjen. De dakleazen krije in hûs, wurk om de dei troch te kommen en help om har problemen op te lossen.

Fiif organisaasjes wurkje mei elkoar gear om de minsken te begelieden. It giet dan ûnder oare om de Stifting Maatskiplike Opfang, de ferslavingssoarch en wenbedriuw Regio Noord.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)