Dahlhaus ferlit kooperaasje

02 feb 2007 - 17:35
  • It haadkantoar fan Friesland Foods yn Meppel

Direksjefoarsitter Luc Dahlhaus fan Friesland Foods sil op 1 maaie syn funksje dellizze. De 60-jierrige Dahlhaus wie fan doel om takom jier mei pensjoen, mar fanwege de sûnens giet er al earder fuort.

Syn kollega-bestjoerder André Boudewijns sil it wurk fan Dahlhaus foarearst waarnimme. Dahlhaus wurke al tritich jier by Friesland Foods. Hy folge yn 2005 André Olijslager op as direksjefoarsitter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)