Dagen wachtsje foar kavel

27 sep 2003 - 00:00

Twa dagen en nachten wachtsje foar de doar. Dat hiene belangstellenden derfoar oer om in kavel te krijen yn de wyk Suderbuorren yn Ljouwert. Der waarden sneontemoarn njoggen bouterreinen oan it wetter ferkocht.

De djoerste wie 120.000 euro. Wa't it earst kaam, krige it earst in kavel fan de gemeente. It wie foar it earst dat de gemeente op dizze wize de kavels ferkocht. De earste belangstellende stie tongersdeitemiddei al te wachtsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)