Dagblad v.h.Noorden út Ljouwert

06 mrt 2002 - 00:00

De nije fúzjekrante fan Grins en Drinte 'Dagblad van het Noorden' sil ynkoarten foar in part printe wurde yn Ljouwert. It giet om 70.000 eksimplaren fan 'e meiinoar 180.000. Yn Grins is gjin romte foar dizze eksimplaren, omdat dêr in part fan 'e oplage fan Bild Zeitung printe wurdt.

Yn Ljouwert is wol romte omdat de Friese Pers ophâldt mei it printsjen fan Spits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)