Dadergezocht: IM giet yn berop

10 nov 2012 - 13:06
  • De plysje mei net samar foto's op Dadergezocht sette, seit de rjochter.

It Iepenbier Ministearje is it net iens mei it oardiel fan de rjochter dat der te maklik omgien wurdt mei foto's fan fertochten op de webside dadergezocht.nl. Dizze wike waard in fertochte frijsprutsen fan winkelstellerij omdat syn foto net neffens de regels op dadergezocht publisearre waard. Der wie gjin tastimming frege oan de haadoffisier fan justysje, sa't de wet foarskriuwt.

Justysje jout de flater ta, mar seit dat der wol kontakt oer west hat tusken plysje en Iepenbier Ministearje.

Ek sei de rjochter dat de plysje noch wol oare opspoaringsmetoaden hat as it publisearjen fan in foto. It Iepenbier Ministearje bestriidt dat en giet yn heger berop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)