Dachau Messe yn Boalsert

23 feb 2008 - 14:58
  • Repetearje foar de Dachau Messe

Sneon wurdt yn de Martinitsjerke yn Boalsert de Dachau Messe opfierd. Dat is foar Nederlân in primeur. De Dachau Messe is in mis dy't de Benediktiner mûnts en muzykpedagooch Gregor Schwake yn 1944 komponearre doe't er sels finzen siet yn it konsintraasjekamp Dachau. It muzykstik waard pas 12 jier lyn by tafal yn Dútslan weromfûn.

De opfiering foarmet de muzikale ôfsluting fan in eksposysje oer Titus Brandsma dy't ek yn Dachau ferstoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)