Daan Breeuwsma is siik

18 des 2013 - 11:46
  • Daan Breeuwsma

Shorttracker Daan Breeuwsma hat it CMV-firus. Dat liket op it de sykte fan Pfeiffer. It moat oergean mei rêst. De shorttracker fan Aldeboarn is op ´t heden net oan it trainen. Hy kin him dus net tariede op de Olympyske Spelen fan takom jier yn Sotsji.

Breeuwsma sels bliuwt der lykwols kalm ûnder. Hy ried in poerbêst foarseizoen en ferwachtet de goede foarm aanst wer op te pakken, as er wer op it iis stiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)