Daan Brandenburg skaakt bêst

13 okt 2007 - 16:19

Skaker Daan Brandenburg út Drachten skoart oant no ta boppe ferwachting by it WK foar de jeugd oant 20 jier yn Roemenië. Hy hat op it stuit 5,5 punten út 9 partijen. Dêrmei dielt hy it 14e plak mei noch 10 oare skakers. Dat is better as ferwachte wie op grûn fan syn plak op de wrâld-ranglist.

Sneon moat Brandenburg tsjin David Howell, de jongste Ingelske grutmaster ea. De Sinees Wang Hao stiet boppe-oan mei 7 út 9.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)