Daamwand Harns letter klear

01 okt 2010 - 15:46

It wurk oan de daamwand yn Harns by de fearboaten rint in soad fertraging op. De fernijing soe freed klear wêze, mar dat slagget net fanwege it minne waar en omdat de tastân fan de âlde wand folle minder wie as tocht. En omdat it stoarmseizoen der oan komt, kin der pas fan april ôf wer wurke wurde.

It wurk is safier ôf dat de daamwand it wetter wol keare kin, ek by stoarm. It betsjut wol dat de fearynrjochting rjochting Flylân foarearst net brûkt wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)