Daam foar Fochtelderfean

28 okt 2009 - 09:30
  • Wetter is essinsjeel foar it feangebiet

It Fochtelderfean ferdroeget net fierder mei de komst fan in nije daamkaai fan 250 meter lang. Dizze wike wurdt der drok oan wurke.

It Fochtelderfean is ien fan de lêste heechfeangebieten fan Nederlân. Der komme bysûndere bisten foar, sa as it feanheabist, in seldsume flinter. Op itselde plak lei al earder in daam, mar dy wie lek rekke. De wurksumheden moatte binnen trije wiken klear wêze. De nije daam kostet 80.00 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)