Daalimpex wurket noch

11 feb 2009 - 14:12
  • Daalimpex yn Harns

De meiwurkers fan it fallite Daalimpex yn Harns binne woansdei noch gewoan oan it wurk. Dat seit in wurdfierder fan it fakbûn CNV. Dy hat kontakt socht mei it bedriuw. Fierder is der noch in soad ûndúdlikheid oer it fallissemint. Der binne twa kuratoaren oansteld.

Neffens it CNV hoopje de meiwurkers fan it kuolhûs yn Harns op in trochstart. Daalimpex wie earder fan ûndernimmer Piet Blankendaal. Hy hat it bedriuw trije jier lyn ferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)