D66 wol wer yn gemeenteried

15 apr 2009 - 09:40

D66 sil besykje om wer yn de ried fan Smellingerlân te kommen. De partij hie yn 't ferline sels in wethâlder, mar fjouwer jier lyn krigen de demokraten mar in bytsje stimmen en kamen net yn de ried. De politike wyn waait ûnder Pechtold lykwols wer út de goeie hoeke en dêrom besykje de leden it opnij.

Moandei sette de kampanje útein mei praatgroepen en in peptalk troch de âld-boargemaster fan Ljouwert en âld-minister Hayo Apotheker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)