D66 wol jonge âlden mei útkearing wer yn de skoalbanken

28 okt 2015 - 16:11

De fraksje fan D66 Ljouwert wol dat alle allinnesteande jonge âlden in oplieding dwaan kinne. No hawwe allinnesteande jonge âlden dy't yn de bystân sitte faak gjin startkwalifikaasje, om't it wetlik net tastien is om wer de skoalbanken yn te gean mei behâld fan harren útkearing. Trochdat dizze groep gjin diploma hellet, komme se muoisum út de bystân.

D66 wol dat der feroaring komt yn dizze wet en tsjinnet dus in moasje yn om de Ljouwerter wethâlder Wurk & Ynkommen dit punt op de lanlike aginda sette te litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)