D66 wol jild fan provinsje foar festivals

23 feb 2016 - 22:15

De provinsje moat yn 2016 dochs jild stekke yn festivals. Dat fynt D66 Fryslân. Neffens harren driigje guon festivals yn 2016 om te fallen, trochdat de provinsje dit jier gjin festivalbelied hat. Dêrtroch is der ek gjin budzjet. Dat hat alles te krijen mei de tariedingen foar Kulturele Haadstêd 2018. 

Neffens D66 soe it skande wêze as dit jier festivals ferdwine, om't dy nei alle gedachten yn 2018 net weromkomme kinne. De Steatefraksje freget dêrom oan deputearre Poepjes om dochs te sykjen nei budzjet foar besteande festivals.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)