D66 wol Fryske kabaretpriis

23 apr 2003 - 00:00

De provinsjale fraksje fan D66 fynt dat Fryslân in kabaretpriis krije moat. Mei de priis moat it kabaret yn 'e provinsje stimulearre wurde. It giet dan om kabaret yn it Frysk of ien fan de Fryske streektalen.

De partij hat al in namme foar de priis betocht: 'De Tetman', nei ien fan de bekendste Fryske kabaretiers, Tetman de Vries en syn selskip. D66 sil it foarstel woansdei ynbringe yn de gearkomste fan Provinsjale Steaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)