D66: soarch oer privacy

15 aug 2011 - 20:22

De D66-fraksje fan de gemeente Ljouwert makket him soargen oer de privacy fan de ynwenners fan de Schepenbuurt en Wielenpôle. Sûnt jannewaris wurket it sosjale wykteam dêr op in oare manier. Der wurde fragen steld oer opfieding, libbenssitewaasje en finânsjes.

D66 makket him soargen oer de wize wêrop ferskate ynstellings dy't yn de wykteams sitte ynformaasje útwikselje. Sy freegje har ôf of't de wet dêr wol yn neilibbe wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)