D66: "Provinsje moat goed lêzen en skriuwen befoarderje"

10 sep 2015 - 17:34

De provinsje moat aktyf oan de slach om it probleem oan te pakken fan minsken dy't net of net goed lêze of skriuwe kinne. Dat fynt de provinsjale steatefraksje fan D66.

Woansdei is bekend wurden dat mear as 100.000 Friezen it lêzen en skriuwen net goed machtich binne. Neffens D66 hat dat grutte gefolgen, net allinne foar de minsken sels, mar ek foar de lokale ekonomy.

De provinsje moat aksje ûndernimme, troch bygelyks gemeenten en ynstânsjes meielkoar te ferbinen, sadat se der tegearre wat oan dwaan kinne, fynt de steatefraksje fan D66.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)