D66 op 'e bres foar deimen

10 okt 2004 - 13:58

De Fryske deimen (damherten) moatte oerbrocht wurde nei de Hoge Veluwe. Dat fynt de Steatefraksje fan D66. De goed 50 deimen yn Fryslân hoege dan net ôfsketten te wurden.

De deimen rinne om yn it Ketliker Skar en de Tsjongerfallei. De provinsje beskôget de bisten as eksoaten dy't de reeëstân bedriigje. Op de Hoge Veluwe hat de deim lykwols in beskerme status. In oare mooglikheid is om de Fryske deimen te sterilisearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)