D66 net yn kolleezje

29 nov 2013 - 17:08
  • Stedhûs oan it Hofplein yn Ljouwert

D66 praat net langer mei oer de foarming fan in nij kolleezje yn Ljouwert. De partij fynt dat by de ûnderhannelings earst de winnende partijen oan bod komme moatte, dat binne neist D66 de PvdA en it CDA.

Ynformateur Jouke de Vries kiest derfoar om mei it sittende kolleezje te praten. Omdat D66 fynt dat der dan te min feroarings yn it belied komme, heakket de partij ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)