'D66 net anty-Frysk'

08 jan 2011 - 15:06

D66 is gjin anty-Fryske partij, fynt de partij sels. De Ried fan de Fryske beweging hat krityk op it konsept-ferkiezingsprogramma. Dêr stiet yn dat de partij ien Noardlik lânsdiel wol. Dat soe de ein betsjutte fan 'e provinsje Fryslân. Neffens D66 reagearret de Ried op in diel út it programma dat noch net fêststeld is.

D66 Fryslân hâldt takom wike in ledegearkomste. Nei ferwachting wurdt dan keazen foar it fuortbestean fan 'e provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)