D66 mei kampanjebus yn Snits

20 maaie 2010 - 22:06

Wylst de PvdA har kopstikken Cohen en Plasterk meinaam hie op kampanje yn Ljouwert, kaam de D66-kampanje yn Snits mei hiel wat minder bekende nammen út de lanlike polityk.

Mei in lytse tsien frijwilligers en ien kandidaat-keamerlid flyerde it kampanjeteam tongersdeitejûn goed oardel oere lang yn it sintrum fan de stêd. Dat kandidaat-keamerlid wie Jan Patternotte, no riedslid yn Amsterdam. Hy stiet op nûmer tolve op de list fan D66.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)