D66: mear plak opwekke enerzjy

03 maaie 2013 - 08:41
  • D66

D66 yn Ljouwert fynt dat boargemaster en wethâlders mear dwaan moatte om it opwekken fan duorsume enerzjy mooglik te meitsjen. De partij doelt dêrby op in moasje dy't earder oannaam is foar braaklizzende stikken grûn. De moasje bepaalt dat bestimmingsplannen oanpast wurde moatte om it opwekken fan enerzjy mooglik te meitsjen.

D66 fynt dat dêr fierste min gehoar oan jûn wurdt troch boargemaster en wethâlders. De partij fynt ek dat alle bestimmingsplannen yn Ljouwert sa oanpast wurde moatte dat it pleatsen fan sinnepanielen makliker wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)