D66 leden tsjin lânsdiel

13 jan 2011 - 22:04

Leden fan D66 Fryslân hawwe har mei in grutte mearderheid tsjin in mooglike gearfoeging fan de trije noardlike provinsjes útsprutsen. Se diene dat op in ledegearkomste yn Akkrum. Der wiene goed 80 leden fan de partij oanwêzich. Se krigen de mooglikheid om moasjes en amendeminten yn te tsjinjen om feroarings oan te bringen yn it ferkiezingsprogramma.

It wichtichste punt dêr't oer stimd waard wie de bestjoerlike fernijing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)