D66 hat noed oer finânsjes KH2018

20 apr 2015 - 08:49
  • Kulturele Haadstêd 2018

De jildsaken fan de organisaasje fan Kulturele Haadstêd lykje net yn oarder, en dat kin neffens D66 grutte gefolgen hawwe foar it projekt. Ofrûne wike is oan it ljocht kaam dat KH2018 noch mar de helte fan it begrutte jild binnen hat.

De fraksje wol dêrom fan de deputearre witte hoe grut de mooglike gefolgen binne en hoe’t it kin dat der noch net mear sponsorjild binnen helle is. Neffens de fraksje fan D66 soe provinsjale steaten fan no ôf better op de hichte hâlden wurde moatte fan hoe’t it der finansjeel foar stiet by KH2018.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)