D66: Gemeenten moatte tasjen op ferbetteringen REC yn Harns

04 feb 2016 - 23:06
  • De ôffaloven yn Harns

De njoggen Fryske gemeenten dy't oandielhâlder binne fan ôffalferwurker Omrin moatte der op tasjen dat der ferbetteringen oan de REC yn Harns trochfierd wurde, sadat dy net wer tefolle skealike stoffen útstjit. Dy oprop dogge de fraksjes fan D66 yn de njoggen gemeenten. Ek wolle se dat de kommunikaasje mei de omwenners ferbettere wurdt en dat de REC yn Harns in foarbyld wurdt foar oare restenerzjysintrales yn 'e wrâld, op it gebiet fan feiligens, miljeunoarmen en it minimalisearjen fan de útstjit fan skealike stoffen.

De njoggen ôfdielingen fan D66 besykje yn har gemeenterieden stipe te krijen foar de oprop. It giet dan om de rieden fan Harns, Frjentsjerteradiel, Ljouwert, Hearrenfean, Súdwest-Fryslân, De Fryske Marren, Eaststellingwerf, Opsterlân en Smellingerlân. Omrin is de eigener fan de REC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)