D66 Fryslân yn 'e lytse loege

18 nov 2001 - 00:00

D66 Fryslân sit yn 'e lytse loege. De partij is no fertsjintwurdige yn 13 Fryske gemeenten, mar dat bliuwt net sa. De partij hat aanst yn mar 11 gemeenten in ferkiezingslist. Der binne nammentlik net genôch kandidaten.

D66 sit yn fierwei de measte rieden mei inkeld ien sit en dan is it wurk neffens regiofoarsitter Haite Schutting swier. It tal leden rint lykwols net efterút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)