D66-fragen oer swimbadflier

21 aug 2013 - 19:17
  • swimbad de Blauwe Golf

De D66-fraksje fan Ljouwert hat woansdei fragen oan it kolleezje steld oer de gefaarlike flier fan swimbad de Blauwe Golf. Yn 2012 krige it swimbad in nije flier mei in keunststof coating. De flier soe stroefer wêze moatte, mar blykt yn de praktyk júst foar ekstra glêdens te soargjen.

Sûnt de nije flier klear is, ha der al ferskate ûngelokken west. Eigener BV Sport hat al maatregels naam, mar D66 makket him dochs noch soargen oer de feiligens fan de besikers.

De fraksje wol fan de gemeente witte oft se fan plan binne it bedriuw dat de flier levere hat, oanspraaklik te stellen foar de kosten fan dizze ûndeugdlike renovaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)