D66 foar hegesnelheidslijn

11 sep 2004 - 17:02

It Suderseespoar moat in hegesnelheidslijn, HSL, wurde en gjin magneetspoar of Hanzelijn plus fariant. Dat wol de steatefraksje fan D66. Earder spruts de partij him wol út foar in magneetspoar. De demokraten ha har miening bysteld om't de HSL in stik goedkeaper is en better past yn it gehiel fan HSL ferbinings yn Europa.

Op it stuit kieze hast alle lannen dy't in lange ôfstânsspoar oanlizze foar de HSL.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)