D66: fiif deputearren is genôch

14 apr 2003 - 00:00

De steatefraksje fan D66 wol it tal deputearren net útwreidzje ta sân. Twa derby is ûnferantwurde, no't it min giet mei de ekonomy en yn Nederlân 20 miljard euro besunige wurde moat. Fiif deputearren is mear as genôch foar Fryslân, seker as sjoen wurdt nei oare provinsjes, neffens de partij.

De partij tinkt dat de ekstra deputearren oansteld wurde om de politike partijen yn de koalysje- ûnderhannelings tefreden te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)