D66: CDA stelt sit reststimmen

30 nov 2010 - 11:38

D66 yn Súdwest-Fryslân fynt dat it rjocht hat op noch in sit yn 'e ried. De partij sprekt fan stimrôf en makket beswier tsjin de útslach fan de ferkiezings fan ferline wike. Se hawwe rjocht op ien fan 'e restsitten, fine se. Dy giet no nei it CDA. Dy partij is in listferbining oangien mei de ChristenUnie en krijt dêrom dy sit.

Yn in brief hat de D66-fraksje oantrune op it ôfstean fan de sit. De kristendemokraten wolle dêr foarearst net op yngean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)