D66 besjocht gefolgen gasboarjen

01 maaie 2004 - 00:00

D66 stelt de miening oer it boarjen nei gas yn de Waadsee mooglik by. De partij praat sneon mei de leden oer de útkomsten fan de kommisje Meijer. Dy seit dat gaswinning net skealik is foar de natuer. D66 wie altyd tsjin boarjen. Troch in besite oan de NAM en de Waadferiening wol de partij ta in nuansearre oardiel komme.

Leden fan de Twadde Keamer prate mei partijgenoaten yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)