Dûkers sykje man yn Frjentsjer

17 feb 2012 - 09:33

    Dûkers fan 'e brânwacht binne freed yn it wetter oan de Seisbierrumerwei yn Frjentsjer oan it sykjen nei in lichem. In foarbygonger seach freedtemoarn wat yn it wetter driuwen en skeakele de plysje yn. Dy hat de brânwacht ynskeakele.

    Mooglik giet it om it lichem fan in man út Frjentsjer dy't sûnt snein fermist wurdt. Earder dizze wike is noch om dy man socht yn it wetter by Frjentsjer, mar doe is neat fûn.

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)