Dûane snipt whisky yn Dokkum

30 mrt 2012 - 17:03

De dûane en de FIOD hawwe tongersdei in yllegale lading fan 5.000 liter whisky snipt yn Dokkum. De whisky siet yn preparearre dûbele boaiems fan koeltrailers. Trije manlju fan 27, 48 en 49 jier fan bûten de Europeeske Uny waarden op 'e die trappearre doe't se besochten de whisky te ferstopjen.

De trailers stiene yn in Dokkumer loads, doe't de oerheidstsjinsten de loads binnenfoelen. De manlju wurde fertocht fan it ûntdûken fan belesting en ynfierrjochten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)