Dútser fermist yn Warkum

12 jun 2012 - 07:39

Yn de haven fan Warkum wurdt tiisdei socht nei in Dútse man fan 58 jier. De man is sneintemoarn om 11 oere foar it lêst sjoen by syn boat. De minsken dy't neist him leine giene doe fuort te farren. Doe't sy middeis om trije oere weromkamen wie de man der net mear. De kajút fan syn boat stie iepen en ek al syn guod en syn auto wiene der noch. Moandei krige de plysje berjocht fan syn frou dat hy net op it wurk yn Hamburg kommen wie.

Moandei is der al drêge yn de haven, mar sûnder resultaat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)