Cycle for Hope: in heal miljoen euro byinoar fytse

25 jun 2015 - 20:18
  • Fytse foar it goede doel

It Friesch Congrescentrum yn Drachten is freedtemoarn it wikselpunt foar sa'n trijehûndert fytsers fan de Cycle for Hope. Yn estafettefoarm fytse de dielnimmers dei en nacht oan dizze tocht, sa'n 1200 kilometer yn twa dagen. De tocht komt troch hast alle provinsjes.

Yn totaal dogge der yn hiel Nederlân sa'n 2000 minsken mei. Cycle for Hope is in sponsortocht foar Stichting De Hoop. Dizze organisaazje helpt dakleazen, ferslaafden, eks-prostituees en kwetsbere bern en jongerein. Doel is dat de fytstocht in heal miljoen euro opbringt.

Tongersdei wie der al sa'n 400.000 euro binnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)