Cyberpesten wurdt ek yn Fryslân hieltyd grutter probleem

02 feb 2015 - 12:50

It cyberpesten wurdt in hieltiid grutter probleem. Dat meldt de Kindertelefoon op basis fan telefoantsjes mei 18.000 bern tusken de 8 en 18 jier. Yn Fryslân is dat net oars, seit Menno Tuik fan it Ljouwerter buro Weerbaarheid. Tuik wurdt geregeld ynskeakele troch skoallen as it cyberpesten út de hân rûn is.

Bern sizze bytiden de freeslikste dingen tsjininoar op Whats app. Tuik hat wol ien goed advys. Skriuw op Whats app neat dat jo net yn it echt tsjin ien sizze soenen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)