CVVO jout promoasje út hannen

08 jun 2014 - 13:32
  • Presintaasje fan de spilers CVVO-LTC

De fuotballers fan CVVO út De Lemmer binne der net yn slagge om nei de 1e klasse te promovearjen. Op eigen fjild waard mei 3-0 ferlern fan LTC út Assen. Ferline wike wûnen se mei 3-1, dus in lytse nederlaach folstie al foar in feestje. De Lemsters hienen de nederlaach foar in grut part oan harsels te tankjen.

In hânfol grutte kânsen waard net benut. Sa miste topskoarder Dirk Jan Doornbos by in 0-1 stân flak foar it skoft in penalty. Yn de twadde helte miste Jelmer Schaap twa grutte kânsen. Yn de slotfaze makke LTC mei 2 goals dien wurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)