CU/SGP kwetst troch útnoeging

21 aug 2003 - 00:00

De steatefraksje fan de Christen Unie / SGP wol it provinsjale subsydzjejild foar keunstesintrum de Infirmerie yn Ljouwert werom ha. De fraksje makket him lilk oer de útnoeging foar de iepening fan de Infirmerie.

'Gij kunt den drinkbeker des Heeren niet drinken, en den drinkbeker der duivelen'. Dizze bibeltekst út 1 Korinthe 10 stiet op de útnoeging. De CU/SGP fielt har hjirtroch kwetst en wol maatregels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)